Sponsoren

 

De Bûnte Bok

Slagerij Menno Hoekstra

Coop Anjum

Timmer/Onderhoudsbedrijf Freerk Elzinga

Loonbedrijf J.K. Dijkstra

Plafondbedriuw Noard Fryslân


Schildersbedrijf Hoek en Wad

Bloemisterij hogedijken

Dorpshuis De Stikel

Wiltsje en Baukje Wijtsma

IJzerhandel Raadsma

Assurantie- & adm. knt. A.C. Mol

Jippe en Maaike Holwerda

GMG, DEM, WMR

Faber Installatietechniek

Veehandel T. Klimstra

Handelsondernemening Age de Jong

ZZP partij

Dekema Schilders Lioessens


Bouwbedrijf Dijkstra/Draisma

Hoogland bv

Friesland Sportprijzen

Profyto DSD

M. van Kammen Cateringservice

Timmer en onderhoudsbedrijf J&M Dijkstra

Rabobank

Koopmans verffabriek

Glas service Noord Nederland A. Zeilmaker

 

 

Moarre-Ljussens gie foarop om it koarte keatsseizoen glâns te jaan

It like troch it corona-virus in frjemd en fral koart keatsseizoen te wurden. "Ik bin benijd", sei Tjisse Steenstra de deis foar Moarre-Ljussens. Foar it earst, sa lang as der keatst wurdt, iepene Warber Bliuwe, de keatsferiening fan dizze klaaidoarpen, op 11 july it seizoen. "Hiel bysûnder", sei foarsitter Bouwe Stiemsma, "mar wy kinne it wol oan." Sa die bliken op it perfekt organisearre sportfjild mei de tapaslike namme Tusken de Doarpen. Stiemsma yn it foarwurd fan it programmaboekje: "Keatsers nim ús mei yn wat wy de ôfrûne moanne mist hawwe."

Grutte keatsklups (Minnertsgea, Arum, Wytmarsum) lieten it ôfwitte en ek de PC giet dit jier net troch. Lytsere ferienings mei in bestjoer dat wol wit wat tapakke betsjut, sprongen yn it gat op é agenda. Bygelyks De Boppeslach yn Jutryp-Hommerts, wêr 't PC-kening fan 1990, Coos Veltman, de foarstap naam. "Foar ús wie dit in kâns om te sjen oft wy it wol foar inoar krije koene", sei hy tsjin Jan Braaksma. "It is foar ús ek in boppeslach." En dan te betinken dat dizze feriening pas yn 2007 oprjochte is.

En wat te tinken fan KV Jan Reitsma yn Reduzum, 116 jier âld, mar ek noch noait in haadklasse-partij organisearre. Dat sil no barre op 16 augustus. De Reduzumer "De Boertjes" steane garant foar dizze partij.

De KNKB liet yn taalkundich krom Nederlânsk witte: "Covid-19 maakt het organiseren van de PC niet verantwoord en is gezien de geldende maatregelen ook niet uitvoerbaar. Voor de commissie is een PC met beperkt publiek bovendien geen optie." Werom, frege ik my ôf, koe it net hâlden wurde yn it Abe Lenstra-stadion? 30.000 sitplakken foar 10.000 taskôgers, dat hie moai past. En giet it keatsen net yn it foarste plak om de keatsers? Of binne hearen mei de hege huodden wichtiger?

Taeke Triemstra hie de smoar yn. "Ik hie mear kreativiteit ferwachte fan it bestjoer. Se ûntnimme de keatsers no in PC wylst ik tink: eltse PC is der ien. Just dizze PC hie trochgean matten; just dizze PC hie hiel bysûnder west", sei Triemstra (20 PC's, 5 kear de earste priis) tsjin de LC.

Foar it seizoen sei Tjisse Steenstra: "Ik mis it publyk mar fral de wedstriiden. Ik bin hiel benijd hoe 't gean sil. Sportyf binne Gert Anne, Taeke en ik der klear foar. Sûnt in pear wiken traine we wer mei de bal. Je begjinne krekt as oare jierren. It is even wenne. Dat it wat letter begjint, dêr ha wy gjin muoite mei."

Yn Moarre-Ljussens stie it partoer Van der Bos al yn 'e earste partij op it fjild tsjin Enno Kingma c.s. It gie noch net geweldich. Coach Gabe Leeuwen prottele. "Ik zal er wat van zeggen. Het gaat erom tactisch slim te spelen." Mar Tjisse lake. "De earste winst is binne. Wy geane fierder."

Nei de twadde ronde seach it der better út. Van der Bos roun it fjild ôf en sei: "De coach is tefreden. Wat wolle we noch meer." Dat wie Gabe Leeuwen net mear nei de tredde partij, ferlies tsjin Menno van Zwieten en co, de lettere winners.

Tjisse Steenstra stie dêr net slim oer yn. Mei in blier gesichte stapte hy op my ôf en sei: "It wie net fantastysk. Mar moarn is der wer in dei." It wie Tjisse ten fuotten út: as altyd realystysk en posityf. It net moaier meitsje as it is: en tagelyk: in keatser krijt mear kânsen. "Wy makken te folle fouten, de opslach roun net en sa is der wol mear te neamen. En dy oare mannen stiene goed te keatsen."

De oare dies, yn Boalsert, wie it partoer Van der Bos oppermachtich. Dat slagge net op 'e Rengerspartij, in wike letter. Dêr krigen Van der Bos en syn maten neffens Jan Braaksma "een gevoelige tik" fan it partoer Van Zwieten (2-5 2-6). Neffens Gabe Leeuwen hiene syn mannen der net folle fan makke.

Foar de partij yn Hommerts-Jutryp binne de trije "grutte partoeren"(Bergsma, Van der Bos en Van Zwieten) elts in kear mei de krâns nei hûs ta gien. Kinne Van der Bos, Triemstra en Steenstra harren hegemony fan foarich seizoen dit jier trochsette?

 

Durk Visser, timmermanssoan út Hurdegaryp, hat jierrenlang journalist by it ANP west. Syn pake Durk Visser siet, krekt as Johannes Westra syn pake Eibert Westra, yn it earste bestjoer fan KV Reitsje Him, oprjochte yn 1909.